
Fyftich jier Bûsboekjes!
It fyftichste Bûsboekje, edysje 2025, is op 17 septimber presintearre op in feestlike gearkomst yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. De gearkomst wie organisearre yn de mande mei stifting FLMD. It FLMD wie op 10 septimber nammentlik 65 jier lyn oprjochte.

It earste ‘gouden’ Bûsboekje is oanbean oan Durk van der Schaaf út Bitgum dy ’t yn 1975, by syn ôfskie fan de propagandakommisje fan it KFS, fersocht om in frysktalige agenda nij libben yn te blazen.

Yn in eksposysje by Tresoar is de hiele rige Bûsboekjes te sjen.

Fragen, bestellingen of opmerkingen? Lit it witte mei in email: redaksje@busboekje.frl.