
Stjerrende wier, heite!
It nije Fryske Bûsboekje (2024) is klear! It is tongersdei 20 july presintearre yn it Proeflokaal Grutte Pier Brouwerij yn Bartlehiem.
Dit jier is it tema: “sterke ferhalen”. De redaksje kaam op it tema nei in gearkomst yn in passende omjouwing: in brún kafee. Dêr hearre je gauris in sterk ferhaal. Wier of net wier, dat is dan de fraach. Somtiden is it de wierheid! Op it omkaft sette wy in leagenbankje. Yn in protte Fryske plakken stiet sa’n bankje dêr de sterkste ferhalen omgean. Yn it Bûsboekje stiet yn ferbân dêrmei in priisfraach.
Nei it útbringen fan it Bûsboekje 2024 giet de Bûsboekjeredaksje in bysûnder jier temjitte: wy sille oan ‘e gong mei edysje 50. In heale iuw Bûsboekjes. Bêst wol in sterk ferhaal! Yn it nije Bûsboekje stiet in oprop oan ús brûkers om ferhalen oer it Bûsboekje mei ús te dielen. Dat kinne wy mooglik goed brûke foar ús jubileum.
Der binne wer 3.000 Bûsboekjes by ús ôflevere en it útsuteljen en ferkeap binne begûn.
De lokaasje foar ús presintaasje wie ek yn ferbân mei it tema: Grutte Pier is ek in hiel sterk ferhaal. Der is sels in film oer makke. Jan Arendz en Marijke Geertsma, mei har stiet in fraachpetear yn it nije Bûsboekje, kamen op de tekst oer “Sterke Staaltsjes’ en harren nije programma ‘Fêste Grûn”. Nanne Kalma en Ankie van der Meer, ferneamd fan Irolt, songen it liet oer Adam Hurdrider: ‘De Smid fan Earnewâld’. Ek in sterk ferhaal.

Utslach priisfraach Bûsboekje 2024
Mei de start fan de meteorologyske simmer is it de heechste tiid om jim te ynformearjen oer de útslach fan de priisfraach yn it Bûsboekje 2024.
Foar dejingen dy’t it Bûsboekje net (by de hân) hawwe: wy ha sân foto’s fan leagenbankjes pleatst op side 14. It tema fan it Bûsboekje 2024 is nammentlik: ‘sterke ferhalen’. Stjerrende wier, heite!
De fraach is: yn hokker plakken steane dizze leagenbankjes? De oplossing:
- Akkrum
- Boalsert
- Hylpen
- Grou
- Harns
- Warkum
- De Lemmer
Ut ‘e ynstjoeringen die bliken dat Boalsert it dreechst te rieden wie. In tal minsken ha wy dêrom in kaartsje stjoerd mei ‘groetnis út Boalsert’. De priiswinners binne: Mieke Hettinga, Yne Meindertsma, Jappie Sytema en Hennie Duursma. Lokwinske! Sy krije mei de tiid it Bûsboekje 2025, dêr’t de redaksje no noch drok mei dwaande is.. …