
It 48e Bûsboekje, edysje 2023: lân fan winsk en dreamen

De presintaasje fan it nije Bûsboekje wie op 1 augustus op Asgaard, it keunstnersdoarp op it Kealledykje oan ‘e râne fan Ljouwert. It tema fan it nije Bûsboekje is ‘lân fan winsk en dreamen’; Asgaard is sa’n stikje lân.
In protte minsken binne op syk nei harren dreamlân: emigranten, flechtlingen, reizgers. Op in tegel op it treinstasjon fan Ljouwert stiet it ek: ‘minsken wolle ornaris wêze hwêr’t se net binne’. It tema is de kapstôk dêr’t it Bûsboekje oan ophongen is: it wurdt yn it boekje fan ferskate kanten beljochte, djipgeand en ek luchtich, der is in gedicht by socht, in liet en fansels mear as fyftich sechjes, ien foar alle wiken fan it jier.
Op de foarside fan it Bûsboekje 2023 stiet it Frijheidsbyld sa’t it by New York stiet; foar lânferhuzers fan in iuw lyn wie dat it ikoan dêr’t alles gear kaam: de drang nei frijheid, de frijheid fan tinken, it kiezen foar in nije takomst. Binnenyn stiet nóch in foto fan in frijheidsbyld; dat fan Cherson yn Ukraïne. Dêr wurdt no fochten foar de dream fan in frij lân.
It Bûsboekje wurdt al 48 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der sa’n 3000 stiks fan ferkocht, yn winkels rûnom yn Fryslân en guon sels bûten Fryslân.
Piet en Anneke Herrema fan Sumar krigen juster in ‘Plombrief’ fan de Ried fan de Fryske Beweging foar harren jierrenlange krewearjen foar it Bûsboekje. Hja ha ûnder oaren 35 jier lang de Bûsboekjes ombrocht nei boekwinkels en kiosken yn en bûten Fryslân. Sjoch ek op: https://www.itnijs.frl/2022/08/plombrief-foar-busboekjepear/.
Ut de Ljouwerter Krante fan 3 augustus 2022:

It earste Bûsboekje 2023 waard op moandei 1 augustus 2022 utrikte oan gastfrou Marianne op Asgaard:
